De Dúvel Fan Sleat
Willehúske
Mem ik bin sa benaud foar de dúvel fan Sleat
Hy hat hoarn op 'e kop en jout om neat
Hy is ek hiel sterk en syn hier dat is read
Mem ik bin sa benaud foar de dúvel fan Sleat
Hy ferskopt syn fiif bern en tamtearret syn frou
Hy ferhong syn earm hûntsje oan in toudûnserstou
Alle katten fersûpt er poerlilk yn 'e feart
Mem ik bin sa benaud foar de dúvel fan Sleat
Lêsten woene tsien keardels de dúvel ris slaan
Mar dêr wie it de dúvel no krekt om te dwaan
Nei de striid hiene de feinten it leske wol leard
Fjochtsje nea mei de dúvel fan Sleat
As ik earst mar ris grut bin dan gean ik nei him ta
En ik freegje: Wêr wolsto in opteuter ha ?
Dan slaan ik him sa bot dat er sândûbel teard
Dan bin ik nea wer benaud foar de dúvel fan Sleat



Comentarios
Envía preguntas, explicaciones y curiosidades sobre la letra
Forma parte de esta comunidad
Haz preguntas sobre idiomas, interactúa con más fans de Willehúske y explora más allá de las letras.
Conoce a Letras AcademyRevisa nuestra guía de uso para hacer comentarios.
¿Enviar a la central de preguntas?
Tus preguntas podrán ser contestadas por profesores y alumnos de la plataforma.
Comprende mejor con esta clase: